Histoarje

IMG_0440

It 1e optreden fan Gryn wie yn Peazens/Moddergat (it tsjerkje mei it boatsje). Joukje, de frou fan Syb, hie heard dat Bert wol ris wat lytsskalige dingen yn de muzykbusiness dwaan woe. Op in dei belle immen út Peazens Moddergat om SOZO (Syb syn twadde cq. Earste tak). Mar in stik as wat muzikanten fan Sozo koene dy deis net. Joukje sei doe: ”Gean der mei Bert en noch ien hinne, nim in hânfol akoustyske gitaren mei en mar raak sjonge en spylje!” Mei ien tillefoantsje nei Bert wie it klear. Bert regele in bassist (Hans Westra) en mei syn trijen op nei Peazens/Moddergat. De minsken fûnen it geweldich en de spilers net minder. Fan it ien kaam it oar en al gau kamen der mear optredens, en sa wie de geboarte fan Gryn net echt in swiere befalling. Jacob wie sa ûnder de yndruk fan de groep Gryn dat hy woe der fuort en daliks wol by komme te spyljen. Hy blyk in grutte oanwinst foar de groep. De oare jonges fan Gryn wiene en binne hiel wiis mei syn mûlharpspyljen, syn gitaarsolo’s en syn prachtig stimlûd. Sa hat Gryn syn úteinlike besetting krigen.

Der wie wol flecht op ‘e koai. Al gau wie der in plan om in earste cd te meitsjen, en yn de maitiid fan 1997 waard dizze opnaam. Dit barde yn studio Gytsjerk. De presentaasje fan dizze CD wie 3 kear yn ien wykein. Freeds yn Sybrandahûs, sneontejûn yn de Skierstins, folslein en sneintemiddei yn ’e mennistetsjerke yn ’e Westreen.

IMG_0470

In hichtepunt wie it optreden yn de Skierstins yn Feanwâlden, dit optreden wie folslein akoestisch. In oar hichtepunt is it begelieden fan de Pinkstersneintsjinst yn Earnewâld dat wy no al jier op jier dêr fersoargje meie.

Gryn kin goed út ‘e fuotten yn net al te grutte romten. Krekt it lytse hat syn sjarme en is wichtig foar Gryn. Gryn fersoarget ek konsertsjes en docht oan tsjerketsjinsten mei.

Yn 2003 namen wy yn studio Digit û.l.f. Klaas Akkermans de 2e CD op. Sybren v.d. Werf wie foar Hans Westra yn it plak op ‘e bas kaam. De bas waard in kontrabas. Nei de presentaasje fan dizze CD yn ‘e Trije Doarpen yn Kollumersweach gie Sybren by Gryn wei. De gearwurking mei Klaas Akkermans wie hiel goed west en wy fregen him om by ús spyljen te kommen. Dat woe hy, en dêr wiene wy tige wiis mei. As muzikant tilde hy Gryn, mei syn kontrabasspyljen, nei in heger muzikaal nivo. In swarte blêdside yn it bestean fan Gryn wie syn ferstjerren op 15 juny 2007. Wy wiene ferslein, en ha doe in hiele tiid sûnder bassist spile. Lokkich ha wy Theo ré fûn om by ús op ‘e bas te spyljen.

Gryn hat inkele nûmmers oer it ferhaal fan ‘de ferlerne soan’. Dêr omhinne is in tema ûntstien. Dizze tematsjinsten ha we al ferskate kearen hâlden yn gearwurking mei pleatselike gemeentes.