Theo Santema

Theo

Theo wie in jier of tsien doe’t syn broer Bert mei in gitaar thús kaam. Fan him ha hy de earste gitaarakkoorden leard. In pear jier letter hawwe  hja mei in groepke freonen út de Westreen in bandsje oprjochte. As gospelgroep Sozo oefene giene se op it fytske nei Broeksterwâld om yn harren skoft oer de ynstallaasje fan Sozo te spyljen. Letter hat Theo noch yn ferskate bands en skoallebands spile.

De lêste jierren ha’t er yn gospelgroep Second Thought sitten en doe’t dy stoppe is de oerstap makke nei de fryske popband smûk. Ferline jier hat Gryn him frege om by harren op de bas te plôkjen en dat doch er oant no ta mei in protte nocht en wille.