Syb van der Ploeg

Syb

Syb learde it spyljen fan syn broer Peter dy’t op in jûn mei in gitaar by him kaam mei in blêdsje mei wat akkoarden. De folgjende wike moast hy se kinne. Letter mei Bert en Pyt nei Ljouwert om les. Tidens ien fan de ritten nei Ljouwert ûntstie it plan foar Sozo. Nei de earste LP fan dy groep begûn hy akoestysk (in kant fan ‘e musyk wêr hy ek fan hâld) mei ‘Gryn’. De unplugged beweging stie him wol oan benammen de cd’s fan Golden Earring en Nirvana. Mearstimmige popmuzyk is wêr hy fan hâld, lykas it sjongen fan Crosby, Stills & Nash, Twaris, Beatles, de Beach Boys ensfh.

Syn hert leit by it sjongen fan it bliid boadskip en hy hopet mei Gryn noch lang akoestysk te spyljen en mearstimmich dizze blide boadskip hieltyd mear te besjongen. Mei Sozo, wêr ’t hy ek noch by sit, hopet er dat, DV, ek dwaan te meien.