Jacob de Boer

Jakob

Jacob begûn by Sozo as bassist, mûlharpspylder en sjonger. Eartiids spile hy by Paralyzed as bassist. Letter ek by Annagram wer as bassist. As sjonger wie hy frontman fan Swiet & Bjuster. Firtuoos wie dêr syn spyljen op de mûlharp. Nei Swiet & Bjuster wie hy noch aktyf as ‘de Bluesboer’. Op dit stuit wurket hy gear mei Wiebe Koudenburg yn de formaasje Jawier. Alles dêromhinne is te sjen op www.jawier.nl.

Ast noch witte wolst fan wa’t hy it spyljen op ‘e gitaar learde. Dat learde hy fan Syb! It mûlharpspyljen is autodidaktysk, astewol foaral sels leard. In bassist fan Brainbox, in ferneamde rock/blues groep út ‘e 60’er jierren hie al hiel wat mûlharpspylders heard mar hy fûn dat Jacob de kroan spande! In prachtig kompliment! Jacob is sljocht op de bluesmuzyk dy’t hy no al jierren spilet. Ek jout hy sa no en dan workshops oer de technyk fan it mûlharpspyljen.

Syn stim makket op in protte minsken in grutte yndruk.