Bert Santema

Bert

Yn syn deistich libben is Bert mei in protte nocht wurksum yn ’e soarch foar minsken mei in ferstânnelike handicap. Musyk is ien fan syn hobby’s. De earste gitaar waard kocht by ‘Fokke oargeltsje’ fan’e Sweach, fanwege jild krapte moast syn heit de lêste ryksdaalder bypasse.

Bert wie fan ôf it begjin belutsen by de oprjochting fan Sozo, wer’t er sa’n fyftjen jier by spile hat, mei fanself as hichtepunt de (doe noch) earste LP opname en letter de opname fan in CD. Fanwege syn grutte foarkar foar akoestyske musyk is er krekt nei it ôfskie fan Sozo, mei Syb en Jacob begûn mei Gryn.